Drachtster middenstanners kleie

© Omrop Fryslân
De renovaasje fan it Drachtster sintrum pakt min út foar de middenstanners. It wichtichste krúspunt, by de Lawei, leit der út. De winkels binne dêrtroch amper te berikken. De klanten sykje dus oare bedriuwen yn of om Drachten op.
It Sineeske restaurant Dynasty is ien fan de bedriuwen wêrfan't de omset dramatysk sakke. It duorret noch wol tsien wike foar't it wurk dien is. De kâns bestiet dat it restaurant tydlik de doarren slút.