225 euro easke foar lasershield

© Omrop Fryslân
Fyftjin automobilisten mei saneamde lasershields yn 'e auto moatte dochs foarkomme. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert bepaald. Mei it apparaat wurdt it de plysje ûnmooglik makke om de snelheid te mjitten mei in lasergun.
Neffens advokaat Anker kinne se net ferfolge wurde, om't der gjin dúdlike regeljouwing is. Sadwaande gie in heal jier lyn de rjochtsaak net troch. Tsjin de fertochten wurdt no 225 euro boete easke.