Poepekrús Bakkefean opknapt

© Omrop Fryslân
In opknapbeurt en in kuiertocht moatte it poepekrús fan Bakkefean wer op de kaart sette. It betinkingsmonumint is oprjochte foar in Dútske hânarbeider, ek wol poep. It is fan grut histoarysk belang foar in tal Bakkefeansters.
Eartiids lei it krús yn it sân en wie it hast net te sjen. No is it krús opknapt en sichtber foar elkenien. De Dútske hânarbeiders, ek wol 'hantsje- mieren', kamen tusken 1600 en 1900 yn ús lân om bygelyks gers te meanen.