Wike fan Plattelân útsteld

© Omrop Fryslân
De Wike fan it Plattelân is fanwege de fûgelpest útsteld nei septimber. Hy soe ein juny holden wurde mar giet no nei de tredde wike fan septimber. Yn 'e rin fan juny sil besjoen wurde oft de aktiviteiten dy't oer it hiele lân ferspraat binne dan trochgean kinne.
LTO Nederlân hat dat besletten om't de fûgelpestepidemy noch net ûnder kontrôle is. Yn de wike fan it plattelân wurde agraryske eveneminten en gearkomsten holden.