CDA krijt krityk út eigen hûs

© Omrop Fryslân
De jongereinorganisaasje CDJA is min te sprekken oer de resultaten fan it CDA by de kolleezjeûnderhannelings. Dat die tiisdei yn Ljouwert bliken by de ynstallaasje fan de nije Deputearren. De PvdA soe folle better út 'e formaasje kommen wêze as it CDA.
De plechtichheid wie yn 'e hal fan it Provinsjehûs, om't de Steateseal op it stuit ferboud wurdt. De formaasje hat mei-inoar acht wike duorre.