Sweeftrein net foar graffity

© Omrop Fryslân
De sweeftrein by it Adverium yn Drachten kriget in behanneling mei anty-graffity-ferve. It prototype fan it treinstel is de ôfrûne jierren wol gauris mei ferve bespuite. De gemeente wol dêr no wat oan dwaan.
De sweeftrein waard in pear jier ferlyn by wize fan stunt nei Drachten helle troch âldjiersploech De Folgeren. De bûtenkant fan 'e trein moat der oer in wike wer as nij útsjen.