Saak-Mars foar de rjochtbank

© Omrop Fryslân
De eigner fan autohannel Mars yn Ljouwert moast tiisdei foarkomme foar heling. De Noardburgumer ferkocht yn syn saak Porsches, BMW's en djoerdere VW's en Audi's. Dy wiene stellen yn Dútslân en waarden hjir in nij kenteken foarsjoen. Ferline jier baarnde de saak út.
Earst waard tocht dat it om fjirtjin auto's gie, mar dat binne der mear. Dizze moanne is der noch in sittingsdei en dêrnei folget de eask.