Kultuer yn Lindenoord is ûnwis

06 maaie 2003 - 00:00

It is noch ûndúdlik oft de VVV, de Aldheidskeamer en de feriening Historie Weststellingwerf yn Huize Lindenoord yn Wolvegea komme. Dat komt ynkoarten leech as it kolleezje nei it nije gemeentehûs ferhuzet.

De polityk moat bepale oft Lindenoord ferkocht wurdt oft dat de trije kultuerhistoaryske organisaasjes der yn 2004 in plak krije. Se presintearren tiisdei in útwurke gearwurkingsplan foar Lindenoord dat yn 1732 boud is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)