Poeliers ferkeapje minder hin

© Omrop Fryslân
De Fryske poeliers ferkeapje minder hinnefleis fanwege de fûgelpest. De omset is mei 15 oant 20 persint tebek rûn. Dochs dogge de Fryske poeliers it better as har kollega's yn it suden fan Nederlân, want dêr is it omsetferlies noch folle grutter.
Neffens poelier Johan Peltsma fan Snits leit de weromgong net allinnich oan benaudens foar de fûgelpest. Hy neamt ek de ekonomyske krisis en de djoere euro as oarsaak.