Wiet en drok Befrijingsfestival

05 maaie 2003 - 00:00

Nettsjinsteande it suterige waar kamen der dochs tsientûzenen minsken op it Befrijingsfestival yn Ljouwert ôf. Yn de Prinsetún en op de Grienewei wiene diskes fan ideële organisaasjes lykas Warchild en Eerlijke Handel. In groep graffiti-keunstners makke keunstwurken dy't yn de Ljouwerter azc's komme te hingjen.

Op it haadpoadium op it Aldehouster- tsjerkhôf spilen bands lykas Sebeare, Spanner en Within Temptation.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)