'Gjin lintsje foar Bandstra'

05 maaie 2003 - 00:00

Ald-riedslid Siep Bandstra hie gjin lintsje ha moatten. Dat fynt de FNP yn Nijefurd. Boargemaster Boekhoven hie neffens gemeenteriedslid Romke Kroondyk fan de FNP de emoasjes fan de boargers ynskatte moatten.

Bandstra hat in langduorjend konflikt mei de gemeente. Hy hat tsjin alle regels yn syn wenboat yn Kolderwâlde dellein. Hy is om dy affêre as riedslid opstapt. Neffens de ûnderskiedene sels is de saak mei de wenboat ôfdien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)