Biltkers wolle gjin kassen

© Omrop Fryslân
Rekreaasje-ûndernimmers op it Bilt wolle gjin glêstúnbou. De provinsje siket yn fjouwer gemeenten, ûnder oaren it Bilt, nei 450 bunder grûn foar kassen.
De Biltkers binne in aksje begûn om dat tsjin te gean. Dat dogge se mei in bon yn de krante dy't nei de provinsje opstjoerd wurdt. De aksje duorret oant 11 maaie. De ûndernimmers binne benaud dat de komst fan kassen ferkeard útpakt foar de rekreaasjesektor op it Bilt.