Man betinkt 18 talen

04 maaie 2003 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De súksesfolle ynternetûndernimmer Jeffrey Henning hat in nuveraardige hobby: hy betinkt nije talen. Yntusken hat Henning al achttjin talen konstruearre. Hy presintearret se op syn website op ynternet, mei it wurk fan oare 'taalmakkers'.

De Amerikaan Henning praat sels allinnich mar syn memmetaal. 'Ik ha op skoalle wol ris wat Spaans hân, mar in taal leare is net sa maklik as it liket,' sa ferklearret it talewûnder.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)