Feteranen foar it lêst earewacht

© Omrop Fryslân
By de deadebetinking yn Ljouwert ha oarlochsfeteranen snein foar it lêst de earewacht foarme. De fersetsstriders en soldaten út de oarloch ha dat beslút naam fanwege har fysike gesteldheid.
Maar as fyftich jier ha de feteranen yn de earewacht stien. Fanwege âldens en sûnens is dat hieltiten dreger op te bringen. Dit jier wie de earewacht al ynkoarten. Nei it lizzen fan de krâns marsjearren de striders ôf, sadat se minder lang yn de hâlding stienen.