Harkemase Boys kampioen

© Omrop Fryslân
De Harkemase Boys binne sneontemiddei kampioen wurden yn de Haadklasse. De Harekiten wûnen yn Wezep mei 3-1 fan WHC, wylst konkurrint ACV ferlear. De Harkemase Boys skriuwe histoarje: se binne de earste Fryske klub dy't kampioen wurdt yn de heechste ôfdieling fan it sneons-amateurfuotbal.
Sawat de helte fan it 4000 ynwenners tellende doarp wie meireizge nei Wezep. Yn Harkema wie it sneontejûn grut feest.