Swimbad Wytmarsum wer iepen

03 maaie 2003 - 00:00

Nei in yngripende ferbouwing is it 30 jier âlde swimbad Mounewetter yn Wytmarsum sûnt sneontemiddei wer iepen. It swimbad wie heech nedich ta oan in goede opknapbeurt, benammen omdat de ferfarskingsynstallaasjes fan it wetter net mear foldiene oan alle easken fan dizze tiid.

Mei inoar is der yn en rûnom it swimbad foar mear as 90.000 euro ferboud.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)