Fragen PvdA oer sluting azc's

© Omrop Fryslân
It provinsjebestjoer is net fan doel om op koarte termyn aksje te ûndernimmen tsjin it sluten fan azc's yn Fryslân. Dat skriuwt it kolleezje fan Deputearre Steaten yn antwurd op fragen fan de PvdA-fraksje.
Neffens it kolleezje leit de ferant- wurdlikens foar de azc's yn earste ynstânsje by de gemeenten. De provinsje hat gjin foech, mar soe wol bemiddelje kinne. De PvdA is lilk oer de sluting, ek omdat wurkgelegenheid ferlern giet.