Martelark foar Fersetsmuseum

03 maaie 2003 - 00:00

It martelark fan Gestapo-topman Albrecht komt meikoarten yn it Fersetsmuseum fan Ljouwert te lizzen. It giet om in stokje dat troch de Gestapo yn Ljouwert brûkt waard om minsken oan it praten te krijen.

Mei it stokje dat fan bien makke is, waarden de fingers fan de fertochten brutsen. It stokje is op it stuit yn it besit fan Jan Kooijenga fan Dokkum. Hy hat it wer krigen fan ien dy't ûnbekend bliuwe wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)