Eask seis jier yn saak-Reidsma

12 mrt 2012 - 16:38

Tsjin in 40-jierige Ljouwerter is moandei seis jier selstraf easke foar it deariden fan Eeuwke Reidsma. Dat barde ferline jier maart op de krusing fan de Esdoornstrjitte en de Skieringerwei. Dêrby waard Reidsma syn dochter ek oanriden. Se kaam op it foarrút fan de auto telâne en waard hast 60 meter meinommen.

De 40-jierige fertochte soe 80 kilometer yn 'e oere ride hawwe dêr't mar 30 tastien is. Neist de selstraf easket justysje dat de fertochte fiif jier lang net mear autoride mei.

Boppedat rekket er, as it oan de offisier fan justysje leit, syn auto kwyt.

Trefwurden: 
justysje eask Eeuwke Reidsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)