Boatsjes omslein by Sleat
Troch it minne waar binne freedtemiddei op it Sleattemermar wettersporters yn 'e swierrichheden rekke. Oan it begjin fan de jûn sloech in Dútse man mei twa bern om mei syn sylboat. Sy koene troch oare boatsjes oppikt wurde.
Earder al waarden twa silers ferrast toch de swiere buien. Sy koene rêden wurde troch de eigner fan in bungalowpark yn Sleat.