Kameleon pakt út by premjêre

02 maaie 2003 - 00:00

De film De Schippers van de Kameleon, fan Steven de Jong, giet op 15 juny yn premjêre. It wurdt de grutste premjêre út de Nederlânske skiednis.

Foar it earst sil der by de earste fertoaning ek plak wêze foar 'gewoane' filmleafhawwers. Yn Pathé yn de Amsterdam Arena is plak foar trijtûzen man. De organisaasje makket letter noch bekend hoe't de kaarten ferkocht wurde. Om't de premjêre op heitedei is, is der foar alle heiten in ferrassing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)