'Mear gearwurkje yn it toerisme'

© Omrop Fryslân
De Fryske VVV's, de toeristyske sektor en de oerheden moatte folle mear mei inoar gearwurkje. Allinnich dan kinne der mear toeristen nei Fryslân helle wurde. Dat sei Thijs de Vries tongersdei by syn ôfskie as manager fan de VVV yn it Iselmargebiet.
De Vries hat him jierrenlang ynset foar it toerisme. Earst yn Warkum en dêrnei foar de hiele Iselmarstreek. Hy fynt ek dat der ien grutte website komme moat foar hiel toeristysk Fryslân.