Utstalling kaarten Yndonesië

© Omrop Fryslân
Antikwaar Muller út Burgum makket in tentoanstelling yn Djakarta, yn it eardere nasjonale argyf fan Yndonesië. It giet om 50 orzjinele kaarten fan dat lân út de perioade 1500 oant 1800. Doel is dat de kaarten yn Yndonesië bliuwe, mar dan moatte sponsors wol 50.000 euro op tafel lizze.
Dêrnei kinne de kaarten oan in museum skonken wurde. De kaarten binne wichtich foar it lân omdat de eigen âlde kaarten ferlern gien binne.