Fjirde Frysk temanûmer: Fuort

01 maaie 2003 - 00:00

It fjirde nûmer yn de rige fan de Fryske tematydskriften hjit 'Fuort'. It is gearstald yn gearwurking mei it Noard-Nederlânsk Buro foar Toerisme.

Yn 'Fuort' is in soad omtinken foar de toeristyske attraksjes fan de provinsje. Sa steane der ferhalen yn oer de Fryske iepenloftspullen, de tunen fan arzjitekt Roodbaard, de Lindevallei, Fryske hynders en de keningsfibula fan Winaam. It nûmer komt ein maaie út mei 20.000 eksimplaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)