Plakette ûntbleate yn Wolvegea

01 maaie 2003 - 00:00

Yn it sintrum fan Wolvegea is in tinkstien ûntbleate foar seis manlju dy't yn de earste dagen fan de Twadde Wrâldoarloch omkommen binne. It idee kaam fan De Vries dy't him al tsientallen jierren dwaande hâldt mei de oarlochshistoarje.

De tinkplaat is oanbrocht oan it âlde gemeentehûs. Fanút dit kantoar waarden de jonge manlju fan de Stellingwerven foar de tsjinst yn it leger oproppen. Boargemaster Heite ûntbleate de plaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)