Fragen oer seksklub Houtigehage

01 maaie 2003 - 00:00

De opposysjepartijen yn Smellingerlân fine dat B&W grutte flaters makke ha by de oanpak fan de yllegale seksklub yn Houtigehage. Nei in ynfal fan de plysje yn maart dit jier binne in yllegale kroech en bordeel oprôle.

De eigner fan de buorkerij is de broer fan PvdA-wethâlder Pultrum. 'Tekoart oan bewiis' wie foar it kolleezje de reden om tsien jier neat te dwaan oan de klub. 'Belangeferstrengeling' neffens FNP-fraksjefoarsitter Hollema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)