Bedriuwe-ekspo yn Wâlterswâld

© Omrop Fryslân
Wâlterswâld en Driezum steane de kommende dagen yn it teken fan de bedriuwe-ekspo. Op dizze beurs krije ûndernimmers út dizze doarpen de kâns harren bedriuwen en produkten te promoatsjen.
Neffens de organisaasje is dat tige wichtich foar in ekonomysk meagere regio as Noardeast-Fryslân. De ekspo yn it doarpshûs fan Wâlterswâld duorret noch oant en mei sneon. De organisaasje hopet op sa'n 3.500 besikers.