Fûgelpits krijt jild út Den Haag

© Omrop Fryslân
De Fûgelpits yn Eanjum mei mei fjouwer oare opfangsintra oan de kust goed 45.000 euro ferdiele. Dat skreau minister Veerman oan de Twadde Keamer. It jild wie de fûgelsintra twa jier lyn al tasein, mar wie noch net útkeard.
De sintra ha it jild nedich omdat se in soad jild kwyt wiene foar de opfang fan fûgels dy't slachtoffer wiene fan oaljerampen. Ofpraat is dat de fiif opfangsintra mei-inoar in plan meitsje sille foar de takomst.