Versteeg fraksjefoarsitter PvdA

01 maaie 2003 - 00:00

Bert Versteeg fan Ljouwert wurdt de nije fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Provinsjale Steaten. No is dat formeel noch Anita Andriesen, mar sy wurdt nei alle gedachten op 'e nij deputearre. Versteeg nimt dan har plak yn as fraksjelieder.

Versteeg is sûnt fjouwer jier lid fan de fraksje en stie as fyfde op 'e list. Nijkommer Janny van der Molen fan it Hearrenfean bliuwt fise-foarsitter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)