Jild nedich foar tsjerkeklokken

30 apr 2003 - 00:00

De tsjerkeklokken fan Ferwert moatte opknapt wurde. Op de klokken is amper te sjen hoe let oft it is en de klokken kinne net mear let wurde fanwegen skuorren en slytplakken.

De restauraasje kostet 400.000 euro. De doarpsbewenners moatte 50.000 euro by elkoar sjen te krijen. Op keninginnedei waard dêrmei begûn. De ferkeap fan oaljekoeken gie bêst. Yn augustus begjint de restauraasje, as der genôch jild is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)