Aksje fan Fersetsmuseum

30 apr 2003 - 00:00

It Fersetsmuseum yn Ljouwert begjint mei alve oare musea en ynstellingen in aksje om it fuortsmiten fan materiaal oer de Twadde Wrâldoarloch tsjin te gean.

Op dizze wize moat derfoar soarge wurde dat materiaal dat by partikulieren en bedriuwen op souder leit bewarre bliuwt en in plakje krijt yn musea. Guon spullen lykje net wichtich, mar binne dat al. De aksje hjit 'Niet weggooien' en set op befrijingsdei út ein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)