Fragen oer Frânske jacht fûgels

30 apr 2003 - 00:00

Yn Frankryk wurde in protte ljippen en skriezen delsketten. De PvdA yn it Europarlemint hat der fragen oer steld oan de Europeeske Kommisje. Ferline jier binne yn Frankryk 435.000 ljippen en 20.000 skriezen sketten.

De PvdA-fraksje tinkt dat de weromgong fan skriezen mooglik te krijen hat mei de Frânske jacht. De partij wol witte wat de Europeeske Kommisje derfan fynt. De PvdA wol de jacht op de skries ferbiede, of oars beheine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)