Oanpak oerlêst Makkumer jongeren

© Omrop Fryslân
In groep jongeren soarget foar oerlêst yn Makkum. Plysje en hoareka binne yn oerlis om it probleem oan te pakken. Dat sei wykplysjeman Kienstra by de jiergearkomste fan Pleatslik Belang Makkum.
Hy sei ta dat der mear en oars patrûlearre wurde sil. De plysje fynt dat in hiel soad âlden tinke dat de opfieding bûten de thússituaasje ophâldt. Fierder pleite de plysje der foar om misdriuwen earder troch te jaan.