Oranjesaken útstald yn Heech

30 apr 2003 - 00:00

Yn it VVV-kantoar yn Heech is woansdei in spesjale Oranjekeamer iepene. Yn de keamer is in diel fan de oranje- kolleksje te sjen fan frou Van der Heide (82). Dy sammelet al sûnt har njoggende allerhande saken fan Oranje.

Leppeltsjes mei opdruk, famylje- portretten en ek korrespondinsje tusken har en de Oranjefamylje. Doe't frou Van der Heide ferhúzje moast, drige har Oranje-argyf op solder te bedarjen. Har bern en de VVV ha dêr wat oan dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)