'Part kokkelfiskers útkeapje'

30 apr 2003 - 00:00

In part fan de kokkelfiskers moat útkocht wurde troch de oerheid, mar de fiskerij op himsels kin bestean bliuwe. Dat is ien fan de ûnderdielen fan in advys fan it belangrykste advysorgaan foar de ryksoerheid, de Raad voor de Wadden yn Ljouwert.

De Raad voor de Wadden foarsjocht dat der te min kokkels yn it Waad binne om alle fiskers in bestean te jaan. Yn dit advys is noch net in stúdzje nei de gefolgen foar de seeboaiem meinommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)