Stienstra wint Kollumerkaasloop

© Omrop Fryslân
Ynze Stienstra fan Wergea hat de 14 kilometer lange Kollumerkaasloop yn Kollum op syn namme skreaun. De atleet wûn de wedstriid yn in tiid fan 52 minuten en 52 sekonden. Auke Postma fan Damwâld kaam as twadde oer de finish mei in efterstân fan 2 minút 3. Henk Sikma fan De Westerein waard tredde.
By de froulju koe Titia Visser fan Drachten it hurdst. Sy rûn in tiid fan 59 minuten en 11 sekonden.