Skeelerje op iisbaan yn Harns

30 apr 2003 - 00:00

Op it terrein fan de iisbaan oan de Achlumerdyk yn Harns wurdt tongersdei begûn mei de oanlis fan in skeelerbaan. De baan wurdt 400 meter lang en is nei ferwachting foar de simmerfakânsje klear.

De gemeente Harns hat besletten fan it iisbaanterrein in skeelerbaan te meitsjen, nei't it terrein net mear brûkt waard troch de honkbalferiening. De oanlis fan de skeelerbaan kostet krapoan twa euroton.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)