Notarisorganisaasje bot skrokken

29 apr 2003 - 00:00

De beropsorganisaasje fan notarissen is bot skrokken fan de fraude dy't in notaris út Sonnegea begien hat. De man hat foar mear as fjouwer ton euro fan klanten stellen. Sa makke hy jild út erfenissen oer op syn eigen bankrekken.

Hy is dêrfoar út syn amt set: de swierste straf dy't in notaris krije kin. By 21 klanten fan de notaris, dy't in kantoar hie yn Wolvegea, doge de dossiers net of binne se ferneatige. Der wurdt noch fierder ûndersyk dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)