Boerumers benaud foar fûgelpest

29 apr 2003 - 00:00

Under ynwenners fan Boerum is ûngerêstens ûntstien oer in grypfirus. In tal doarpsbewenners hat grypklachten en bringt dit yn ferbân mei de fûgelpest. Fjouwer wike lyn is by in man út it doarp fûgelpest fêststeld. Hy hie holpen by romming fan besmette pikehâlderijen yn Gelderlân. De man is wer better, mar no hat syn frou grypklachten. De GGD stelt in ûndersyk yn. De kâns op fûgelpest is hiel lyts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)