Regels skûtsjes mooglik oanpast

© Omrop Fryslân
De lokale feiligensregels foar skûtsjes fan de seis Fryske wettersportgemeenten wurde mooglik oanpast. Dêroer sil ynkoarten oerlis plakfine tusken de gemeenten, seit boargemaster Dijkstra fan Boarnsterhim.
Dat is it gefolch fan de ûntheffing dy't skûtsjes krije fan it Ryk foar it hawwen fan in hege reling. Der sil besjoen wurde hoe't dizze regel him ferhâldt mei de besteande lokale feiligensregels.