Kameleon foar it lêst te sjen

29 apr 2003 - 00:00

Sa'n 23.000 minsken ha de Fryske Kameleonfilm sjoen. De film fan de studinteferiening Bernlef út Grins is mei Keninginnedei noch op tsien plakken foar it lêst te sjen.

De studinten makken de film ferline jier út protest om't de 'echte' Kameleon-film, dy't Steven de Jong makket, yn it Nederlânsk is. Se fûnen dat de film yn it Frysk wêze moast. De rjochtsaak fan útjouwerij Kluitman tsjin de studinten rint noch hieltyd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)