Parkearwacht nei Willemskade

29 apr 2003 - 00:00

De parkearwacht fan Ljouwert komt oan de Willemskade. De tolve parkearwachten moatte ferhûzje om't har buro oan it Hofplein ferboud wurdt ta nije riedseal foar de gemeente. De plysje en de stedswacht, dy't ek oan it Hofplein sieten, binne al ferhûze.

Earder foel de parkearwacht ûnder de plysje. No wurde se foarearst oanstjoerd troch de tsjinst Stedsûntwikkeling om't de plysje har mear rjochtsje wol op kearntaken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)