Sinezen net yn karantêne

29 apr 2003 - 00:00

De Sinese studinten dy't nije wike út har heitelân weromkomme, hoege net earst yn karantêne. Neffens de GGD is der medysk sjoen gjin reden foar.

Om gjin ûnrêst oer SARS ûnder studinten te krijen, hat it Van Hall ynstitút yn Ljouwert in plak yn in leech studintehûs regele. Dat is neffens de hegeskoalle net bedoeld as karantêne. Neffens de wurdfierder is it goed mooglik dat de studinten noch net nei Nederlân werom komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)