Jong Hearrenfean op koers

29 apr 2003 - 00:00

Jong Hearrenfean hat moandei mei 2-0 wûn fan AZ yn Alkmaar. Jos Hooiveld makke yn de 22ste minút it earste doelpunt foar de Fryske ploech. Trije minuten foar tiid makke Antonio Correia de twadde goal foar Jong Hearrenfean. Fan AZ moast in spiler oan de ein fan de earste helte it fjild ferlitte fanwegen in reade kaart.

Jong Hearrenfean kin kommende wike moandei yn it eigen stadion kampioen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)