Fraudearjend notaris út amt

28 apr 2003 - 00:00

Notaris Van Wolde út Sonnegea is troch de beropsorganisaasje út syn amt set. De man soe foar fjouwer ton fraudeard hawwe. Dat bedrach kin noch oprinne oant acht ton.

Ut ûndersyk blykt dat de man yn seker tsien gefallen testaminten oan neibesteanden leger foarsteld hat. It jild dat dat him oplevere, helle er kontant fan de rekkens. De notaris stie yn Wolvegea, dêr't syn kantoar wie, bekend om syn 'útbundige' libbensstyl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)