Weening tsiende yn Dútslân
Yn de Niedersachsen Rundfahrt is Pieter Weening fan De Harkema as tsiende einige yn it einklassemint. De Rundfahrt is in fiifdaachse etappekoers yn Dútslân.
De oerwinning wie foar de Frânsman Nicolas Jalabert. Nei mear as tweintich oeren op de fyts hie Weening in efterstân fan ien menút en twa sekonden op Jalabert.