Opgraving yn saak Vaatstra

© Omrop Fryslân
Foar it ûndersyk nei de moard op Marianne Vaatstra is ôfrûne woansdei op in hôf yn Boalsert it lichem fan in man opgroeven. De man is heal jier lyn stoarn. Fan him is dna ôfnommen.
Neffens jústysje wie opgraven de iennige manier om oan it dna te kommen, omdat de âlden ek stoarn binne. De man wie al earder yn byld as 'ynteressant persoan'. Oer seis wike is de útslach fan de test bekend. Yn july stoppet it ûndersyk nei de moard definityf.