Ingelum wol groei

28 apr 2003 - 00:00

De leefberens fan Ingelum komt yn it gedrang. Sa skriuwt doarpsbelang yn har takomstplan. Yn it doarp meie gjin nije huzen boud wurde, fanwege lûdshinder fan de fleanbasis. Boppedat sil Ingelum te lijen krije fan de plande dyk tusken Ljouwert en Stiens. Moandeitejûn sille de doarpsbewenners besykje de gemeente op oare gedachten te bringen. Sa hoopje se dochs tsien huzen bouwe te kinnen as de lûdshinderwet wat minder strang wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)