Oerlêst troch dronken minsken

28 apr 2003 - 00:00

Ien op de tsien Friezen hat faak lêst fan it gedrach fan dronken minsken. GGD Fryslân, de Dokter Kuno van Dijkstifting en de plysje Fryslân hawwe dêr mienskiplik ûndersyk nei dien.

Hoewol't it ûndersyk yn alle Fryske gemeenten dien is, wurde de problemen op de Waadeilannen as it grutst ûnderfûn. De bewenners fan de eilannen fine de oerlêst fan jongerein en dronkenskip it grutst. Skylge en Flylân hawwe it measte lêst fan dronken lju.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)