Broersma transport slút Strobos

28 apr 2003 - 00:00

By transportbedriuw Broersma moatte der 105 minsken út. Mei-elkoar wurkje der 278 minsken by Broersma. De festiging yn Strobos sil hielendal ferdwine. Dêrmei bliuwe der twa festigings oer, ien op It Hearrenfean en ien yn Bodegraven.

Neffens algemien direkteur Van Dam giet it al in skoft min mei transportbedriuw Broersma. Dizze maatregel moat it bedriuw wer sûn meitsje. It weinepark giet werom fan 130 nei 90 frachtweinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)